Foswerters wiis mei Interzorg

Foswerters wiis mei Interzorg
De bewenners fan soarchsintrum Foswert yn Ferwert binne tige tefreden oer de soarch dy't se dêr krije fan soarchynstelling Interzorg. Alle klanten jouwe de organisaasje in dikke acht. De klanten fan de thússoarch fan Interzorg drukke har tefredenens mei itselde sifer út.
In mearderheid fan alle ûnderfregen fynt it ek belangryk dat Interzorg in kristlike ynstelling is.