Hege omsetsifers Oranjewâld
Yngenieursbedriuw Oranjewâld hat ferline jier in omset makke fan 236 miljoen euro. Dat is hast in kwart mear yn ferliking mei it jier dêrfoar. De groei komt troch de oername fan sân bedriuwen, ferline jier.
De winst fan Oranjewâld is omheechgien nei 16,5 miljoen euro. Dat hat it bedriuw woansdei bekendmakke.