Gaslek yn Easterwâlde

© Omrop Fryslân
Op it yndustryterrein by Easterwâlde is woansdeitemoarn in gaslieding stikken lutsen. Dat is dien by wurk oan it rioel. It giet om in haadlieding fan sa'n 20 sintimber dik, dy't folslein fernield is.
Gasbedriuw Essent is dwaande de lieding te meitsjen. Op dit stuit sitte der noch gjin minsken sûnder gas. Mooglik dat it fanwegen it wurk noch nedich is om letter op de dei wol klanten ôf te sluten.