'Fryslân kultuerhaadstêd 2018'

16 apr 2008 - 12:02

Fryslân moat oer tsien jier de kulturele haadstêd fan Europa wurde. De provinsje giet de konkurrinsje oan mei Utrecht, Den_Haach en Brabân.

Nederlân is yn 2018 oan de beurt om de kulturele haadstêd fan Europa te leverjen. Deputearre Jannewietske de Vries sjocht kânsen foar Fryslân. De provinsje wol Fryslân delsette as ien kulturele regio. De deputearre hat hege ferwachtings fan de kultuernota dy't se woansdei presintearre hat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)