Rekorddrokte foar Jeugdhelp

15 apr 2008 - 21:55

It hat noch noait sa drok west by de jeugdhelp yn Fryslân. Ferline jier binne hast 2000 bern behannele. Dat is in rekord.

It giet faak om bern mei gedrachsproblemen, bygelyks troch mishanneling, ferwaarleazing of misbrûk. Soks wurdt hieltyd faker melden. Jeugdhelp Fryslân hat 43 opfanghûzen en oare behannellokaasjes yn de provinsje. Troch de drokte steane noch 70 bern op de wachtlist.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)