Ljouwerter gebak foar Beatrix

15 apr 2008 - 21:51

Keninginne Beatrix krijt woansdei it nije Ljouwerter gebakje de Hofdame oanbean. De Hofdame is in útfining fan studinten fan de Stenden Hegeskoalle, de betinkers wûnen dêrmei in priisfraach foar in nij Ljouwerter hapke.

Expeditie Leeuwarden - it promoasjeteam fan Ljouwert - stjoert Marijke Meu en Us Heit by Paleis Noordeinde del om de keninginne in Hofdame te bringen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)