Sels trouamtner útsykje

15 apr 2008 - 21:49

Wa 't trouwe wol yn Ljouwert, mei tenei syn eigen trou-amtner meinimme. In goede freon of famyljelid wurdt dan foar ien dei beneamd as trou-amtner. Fan novimber ôf moat it mooglik wêze dat breidspearen sels betinke meie wa't harren trout.

Omdat de gelegenheidstrou-amtner begelieding fan de fêste trou-amtners nedich hat, is it wol djoerder om de eigen trou-amtmer te nimmen: it kostet goed 100 euro mear.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)