Pleit foar fjouwerbaans-As

15 apr 2008 - 21:44

In grutte groep Noardeast-Friezen hat tiisdeitemiddei yn Den Haach pleite foar in fjouwerbaans-Sintrale As.

It liket derop dat minister Cramer oanstjoert op in twabaansdyk om sa it lânskip te sparjen, mar tal fan maatskiplike organisaasjes út de streek woene de polityk wize op it ekonomysk belang fan de fjouwerbaansfariant. Ek tal fan wethâlders en ûndernimmers út Dokkum en omkriten wiene derby yn Den Haach.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)