Undersyk nei erfpacht-kwestje

Jitske de Jong fan de TU Delft ûndersiket de erfpachtkwestje
In kommisje ûnder lieding fan heechleraar Jitske de Jong fan de TU Delft ûndersiket de erfpachtkwestje op Flylân en Skylge.
Steatsboskbehear hat de hichte fan erfpacht rigoreus ferhege, mar eigners pikke dat net. De Twadde Keamer wie tiisdei kritysk oer de opstelling fan Steatsboskbehear. Minister Verburg hat opdracht jûn foar it ûndersyk, oer in heal jier moat der in advys komme. De saak komt ek noch foar de rjochter.