Boekebaas skriuwt filmskript

15 apr 2008 - 21:36

Steven de Jong hat âld-direkteur Arjen Terpstra fan de Foreign Media Group frege it skript te skriuwen fan syn nije film oer Grutte Pier. Terpstra skreau earder toanielstikken en kin neffens De Jong moai fertelle.

Hoewol de film op histoaryske feiten oer Grutte Pier makke wurdt, filmet De Jong ek yn Denemarken, Frankryk en Ierlân. It sil noch wol in pear jier duorje foardat de film yn de bioskoop draait.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)