'Snuf' yn juny yn bioskoop

15 apr 2008 - 14:36

De nije film fan Steven de Jong oer de hûn Snuf is fan 26 juny ôf te sjen yn 'e bioskoop. De film spilet yn 'e Twadde Wrâldoarloch. It ferhaal giet oer in jonkje dat syn heit en mem kwytrekke is by it bombardemint fan Rotterdam en no yn Fryslân wennet. Mei syn hûn Snuf helpt er de Kanadezen by de befrijing. De film komt letter as fjouwerdielige searje op televyzje. Der binne opnames makke yn Hartwert en Aldeberkeap.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)