Rampoefening dyktrochbraak

15 apr 2008 - 14:06

Fryslân docht yn novimber mei oan in grutte nasjonale rampoefening dy't tiisdei oankundige is troch de Task_Force_Overstromingen. De gemeenten Harns en it Bilt, helpferlieningstsjinsten en it Wetterskip yn Ljouwert dogge mei.

Neispile wurdt in dyktrochbraak op ferskate plakken. Sa moat bygelyks soarge wurde foar de evakuaasje fan tsientûzenen minsken. De oefening is de grutste yn syn soart ea yn Nederlân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)