Gedoochgebieten better oanjaan

15 apr 2008 - 13:43

Guozzegedoochgebieten moatte better oanjûn wurde. Dat fynt it Bûn Fryske Fûgelbeskermingswachten. Der jier binne 32 boetes útdield oan aaisikers dy't al foar healwei fiven oan it sykjen wiene yn guozzegedoochgebieten. Dat is net tastien, mar neffens it BFVW witte aaisikers lang net altyd dat se yn ferbean gebiet sitte.

Der moatte mear buorden komme dy't oanjouwe dat it om in gedoochgebiet foar guozzen giet, fynt it BFVW.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)