Undersyk bettere yntegraasje

© Omrop Fryslân
Smellingerlân sil ûndersyk dwaan ûnder de allochtoane befolkingsgroepen dy't yn de gemeente wenje. Oanlieding is it meitsjen fan nij belied om allochtoanen goed yntegrearje te litten.
De gemeente wol foar it ûndersyk yn petear mei minsken en har fragen stelle oer mooglikheden om te yntegrearjen. Fan de 5200 allochtoanen yn de gemeente wennet it grutste part yn Drachten.