Sloopplannen yn Beetstersweach

© Omrop Fryslân
Yn Beetstersweach wurde 76 wenten sloopt as it oan wenningstichting Vitalis leit. De hûzen stean yn 'e omkriten fan de Vlasleane. Se binne te lyts en net genôch isolearre.
De wenningstichting wol op it plak 65 apparteminten foar 50-plussers bouwe. Fierders moatte der achttjin iensgesinswenten komme en in ferpleechtehûs. Vitalis is dêrfoar yn petear mei soarchynstelling Bertilla yn Drachten.