Weiwurk Brantgum hast klear
Yn Brantgum is nije wike de werynrjochting fan 'e beboude kom nei in healjier wurk dien. Allinnich de Ids Wiersmastrjitte moat noch asfaltearre wurde. Sadwaande is de provinsjale dyk by Brantgum fan moandei oan en mei freed ôfsletten.
It nije asfalt krijt ferskate kleuren en in motyf yn strjitstiennen om it ferkear stadiger ride te litten. Der binne drompels oanlein en de wei is smeller makke.