Amokmakker oppakt

15 apr 2008 - 10:10
Foto: Omrop Fryslân

In Ljouwerter (30) is ôfrûne nacht yn syn wenplak oppakt. Hy hie yn in hûsportyk oan 'e Monnikemuurstrjitte in rút fan in doar stikkenmakke. Ek raasde de man alles byinoar. Omwenners dy't dêrtroch wekker wurden wiene, warskôgen de plysje. Doe't dy deroan kaam, naaide de man út.

De man koe lang om let fierderop oanhâlden wurde. Dêrby moast pepperspray brûkt wurde. Hy is oerbrocht nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)