Advyskommisjes foar gemaal

© Omrop Fryslân
In nij grut gemaal by Lauwerseach is wer in stapke tichterby kaam. De advyskommisjes fan Wetterskip Fryslân gean yn grutte halen akkoart mei it plan. It nije gemaal moat yn 2015 klear wêze. In oar nij gemaal, by Fiifhuzen, kin dan lytser wurde. en der komt der gjin tydlik gemaal by Harns.
It algemien bestjoer fan it wetterskip moat it plan noch goedkarre. Fierder moat ek Grinslân noch oer beslute.