Tsjerke Drylts rêden fan sloop

De Stadslaanstsjerke yn Drylts is foarearst rêden fan de slopershammer. In projektûntwikkelder woe op it plak fan de goed 100 jier âlde tsjerke appartementen bouwe.
In tal âld leden fan de tsjerke hat der in stokje foar stutsen. Se hawwe in eigen stifting oprjochte dy't mei help fan in tal skinkingen en lieningen de tsjerke oerkeapet fan it tsjerkebestjoer. De tsjerke sil brûkt wurde as ferieningsgebou.