Soad aaisikers op bon slingere

De plysje hat it ôfrûne aaisykseizoen in opfallend soad aaisikers bekeurd.
De plysje hat it ôfrûne aaisykseizoen in opfallend soad aaisikers bekeurd omdat se yn guozzegedoochgebieten oan it aaisykjen wiene. Dat is dêr pas nei healwei fiven tastien, mar 32 kear krigen aaisikers in bon omdat se al earder oan it sykjen wiene.
Twa man waarden bekeurd yn natoergebiet de Alde Feanen, dêr't sykjen ferbean is. Fan 519 aasikers waard de aaisikerskaart frege, 17 minsken hiene dy kaart net.