Terpentinelucht yn Stiens

14 apr 2008 - 21:43

Ut it rioel fan wenningen yn Stiens kaam moandeitejûn in terpentinelucht. Bewenners fan it Akasiahof hiene lêst fan de stank en bellen de brânwacht.

Dy hat op ûndersyk út west, mar koe de oarsaak fan de lucht net achterhelje. It rioel is trochspield om in ein te meitsjen oan de stankoerlêst.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)