Donna Giovanna yn Spangea

14 apr 2008 - 17:24

Opera Spangea bringt de kommende simmer Donna Giovanna, in opera oer de keninginne fan de lust. Donna Giovanna is fansels in knypeach nei Mozart syn Don Giovanni en wurdt opfierd yn it ramt fan it Frysk Festival.

Corina van Eijk docht de rezjy. De cast is ynternasjonaal mei de Portugese tenor Charles Alves da Cruz en ferskate Nederlânske soliten. De premiêre is op 21 augustus yn it Verona fan Weststellingwerf.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)