8 grutte peallen foar Kûbaard

14 apr 2008 - 16:30

Yn Kûbaard binne moandeitemiddei acht betonnen bylden pleatst fan 3,5 meter heech en 2 ton swier. De bylden komme út Amersfoort en binne twa jier lyn brûkt by in opera dêr.

De kommisje Keunst en Kultuer Kûbaard hat se nei Fryslân helle om se dizze simmer yn te setten by alle aktiviteiten. Sa binne der ûnder oare 4 jubilea fan ferienings yn it doarp. De bylden stiene by de ferskate tagongsdiken en it doarpshûs.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)