Vandenbussche skuldich

Boete en 2 moanne ûnder betingst foar Vandenbussche
Brian Vandenbussche hat in straf fan twa moanne ûnder betingst krigen mei in boete fan 1000 euro. Boppedat moat er 3000 euro skeafergoeding betelje. Dit nei oanlieding fan in kafeerúzje yn 2002 yn syn heitelân België.
Dêrby foel in man troch in rút en rekke ferwûne. De keeper fan Sportclub Hearrrenfean siet sa mei dizze langrinnende strafsaak yn 'e mage dat er de lêste tiid net mear de earste keeper fan de Feansters wêze woe.