Sjong docht it goed op YouTube

De SjONG-spyllist op YouTube lûkt frijwat folk
De filmkes fan de foaromloop fan sjongfestival SjONG foar learlingen yn it fuortset ûnderwiis dogge it goed op YouTube. Yn ien wykein tiid waarden de filmkes op it kanaal fan Taalsintrum Frysk meiinoar al 8.000 kear besjoen.
Absolute toppers binne de filmkes fan Esther Dijkstra & Willy_Buma (1000 kear) en Judith_Fledderus (800 kear). Dy froulju hawwe harren filmkes dan ek bot promoate by freonen en freondinnen op Hyves.