'Feiligens stadion H'fean ok'

'Kâns op brân yn it stadion is net sa grut', seit Yme Kuiper
De brânblusapparaten en de needútgongen fan it Abe Lenstrastadion funksjonearje goed. Dat seit direkteur Yme Kuiper fan Hearrenfean nei oanlieding fan de brân fan snein yn it Euroborg stadion fan FC Grins.
De kâns dat der yn it Abe Lenstrastadion op deselde wize brân útbrekt is neffens Kuiper net sa grut. SC Hearrenfean hâldt al frij geregeld brânoefeningen. Ek wurdt der frij strang kontrolearre by de yngongen.