Slachtemaraton: 1250 dravers

Hurdrinners kinne harren noch hieltyd opjaan
Foar de tredde edysje fan de Slachtemaraton op 14 juny hawwe har oant no ta 1250 hurdrinners opjûn. Dat binne der no al 250 mear as by de Slachtemaraton fan 2004.
Hurdrinners kinne harren noch hieltyd opjaan op de site fan de Slachtemaraton. Mei elkoar kinne der tusken de 1500 en twatûzen dravers meidwaan oan de Slachtemaraton. Der wurdt dit jier draafd fan de Waadkust nei it doarp Raerd.