Strân Flylân wurdt himmele

14 apr 2008 - 10:20

Rykswettersteat is op Flylân dwaande mei it skjinmeitsjen fan it strân. Dat wurdt alle jierren dien foar it begjin fan it toeristeseizoen. It wurk is moandeitemoarn begûn en it doel is dat it strân woansdeitemiddei wer skjin is.

Rykswettersteat tinkt dit jier minder wurk te hawwen fan it skjinmeitsjen as ôfrûne jierren. Troch de stoarmen leit de measte rotsoai byinoar en dat makket it wurk in stik makliker.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)