EFA: mear help foar eilannen

© Omrop Fryslân
De Europeeske Uny moat mear stipe jaan foar de ûntwikkeling fan de Fryske Waadeilannen. Dat is de strekking fan in moasje dy't de europarlemintspartij EFA yntsjinne hat by de Uny.
De moasje is bedoeld foar eilannen as Sisilië, Malta en de Hebriden, mar ek foar de Waadeilannen. Eilânbewenners binne ôfhinklik fan toerisme en lânbou en ha te krijen mei hegere kosten foar bygelyks ûnderwiis. De Uny soe de bewenners kompinsearje kinne.