Ernst 4de op NK Skaken

13 apr 2008 - 22:44

Jan Smeets is snein Nederlânsk kampioen skaken wurden. Smeets wûn yn de lêste ronde fan koprinner Daniël Stellwagen. Sipke Ernst makke ek noch kâns op de titel, mar hy ferlear yn de lêste ronde fan Ruud Janssen. Ernst waard hjirtroch 4de yn it klassemint.

De twa oare Fryke dielnimmers Yge Visser en Daan Brandenburg ferlearen beide ek har lêste partij. Yge Visser ferlear fan Friso Nijboer, Brandenburg fan Reinderman.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)