Sparta - Hearrenfean: 4-2

Gerald Sibon (foto: Martin de Jong)
SC_Hearrenfean hat yn Rotterdam mei 4-2 ferlern fan Sparta. Yn de earste helte kaam Hearrenfean op in 2-0 foarsprong troch doelpunten fan Danijel_Pranjic en Gerald_Sibon en wie Hearrenfean de bettere ploech.
Yn de twadde helte kantele de wedstriid en troch doelpunten fan Dissels, Boukhari, Polak (penalty) en Emnes wûn Sparta mei 4-2. By winst hie Hearrenfean al wis west fan in plak by de earste fiif.