'Teksel moat mear gearwurkje'

De gearwurking mei Teksel hâldt neffens deputearre Galema net oer
De bestjoerskrêft fan de Waadeilannen komt yn gefaar at it gemeentebestjoer fan Teksel wegeret gear te wurkjen mei de Fryske Waadeilannen. Dat stelt deputearre Sjoerd Galema nei in besite oan Teksel.
De 4 oare eilannen ha de stipe fan Teksel nedich om de bestjoerskrêft te fersterkjen. De provinsje docht in lêste berop op B&W fan Teksel om mei te dwaan. Oars geane de oare eilannen sûnder Teksel fierder.