Jild sportfjilden Opsterlân

13 apr 2008 - 11:25

De gemeente Opsterlân wol jierliks hast 60.000 euro útlûke foar grut ûnderhâld oan sportfjilden. Sportklubs yn Opsterlân kleie deroer dat de fjilden faak min te bespyljen binne, trochdat se net goed ûnderhâlden wurde. De gemeente hat útsykje litten wat it kostet om geregeld grut ûnderhâld dwaan te litten.

Dit jier is nochris hast 70.000 euro ekstra nedich fanwege achterstallich ûnderhâld.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)