Vogelaar op besite by Welkom

© Omrop Fryslân
Minister Vogelaar fan Folkshúsfesting komt woansdei op besite by wenningkorporaasje Welkom. Direkteur Bonnema fan Welkom hat de minister útnoege. Hy wol har sjen litte hokker problemen in wenningkorporaasje hat yn de lytse doarpen yn Fryslân.
Welkom fynt dat de minister wolris wat mear omtinken jaan mei oan it wenjen yn lytse doarpen. Se set har op it lêst ek bot yn foar probleemwiken yn grutte stêden.