Trije nije kuorballers BlauWyt

© Omrop Fryslân
Kuorbalferieniging Blau Wyt Hearrenfean hat foar it seizoen 2008-2009 trije spilers oanlutsen. Hester Visser komt oer fan Sios. Mark Nijenhuis spilet op dit stuit foar DIO Easterwâlde. Nelleke Steunebrink wie al earder spylster fan de seleksje.
Trainer Sjoerd de Jong tinkt dat hy no foldwaande kwaliteit yn hûs hat om sawol op it fjild as yn de seal op oergongsklassenivo yn de top mei te kinnen.