Oplieding foar hovenier

12 apr 2008 - 15:25

Skoalle AOC Friesland, agrarysk útsjoerburo AB Fryslân en trije hoveniersbedriuwen sette meiïnoar in nije oplieding op. Sa moat der in ein komme oan it tekoart oan geskikt personeel yn de grienfoarsjenning.

It doel fan de oplieding is de teory better oanslute te litten op de praktyk. Dêr mankeart it faak oan. Learlingen geane twa dagen yn de wike nei skoalle, ien dei leare se yn de praktyk en twa dagen rinne se staazje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)