Doarp lilk om deade damherten

it groepke damherten foar't der twa ôfsketten waarden (foto: Martin Reidsma)
De ynwenners fan Makkingea binne poer op de plysje om't se dizze wike twa damherten deasketten ha. Omdat de bisten geregeld de provinsjale dyk oerstutsen, wie it doarp benaud foar ûngelokken en dus waard de plysje frege om aksje te ûndernimmen.
Dy soe de damherten ferdôvje en dan fange. Neffens de plysje slagge dat net om't it net mooglik wie om ticht by de bisten te kommen. De ynwenners fan Makkingea leauwe der neat fan.