Turkse tsjinbesite oan NHL

© Omrop Fryslân
Meiwurkers fan twa Turkse universiteiten komme yn april nei de Noordelijke Hogeschool Leeuwarden, de NHL, om dêr ideeën op te dwaan foar nije opliedingen. De universiteiten wolle ûnder oaren opliedingen opsette op it mêd fan soarch en wolwêzen.
De Turkse delegaasje sil mei dosinten en studinten prate. Ek is der in besite oan de GGD. Ein jannewaris gongen fertsjintwurdigers fan de NHL nei de universiteiten yn Turkije.