Minne dei Gerlof Kolk op NK

11 apr 2008 - 23:30

Dammer Gerlof Kolk fan Ljouwert belibbe freed in minne dei by it NK Damjen yn Emmeloord. Earst ferlear er yn de tredde ronde fan Pim Meurs om in pear oeren letter belies te jaan tsjin Alexander Baljakin. Kolk stiet no mei twa punten lêste yn it klassemint.

Koprinner op it NK is op it stuit Baljakin mei 6 punten. Fries-om-útens Auke Scholma út Baflo spile juster syn fjirde efterienfolgjende remise tsjin Ron Heusdens.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)