Cambuur nimt ôfskie mei winst

11 apr 2008 - 23:15

Sportklub Cambuur hat de lêste thúswedstriid fan it seizoen mei 5-1 wûn fan Helmond Sport. Dêrmei krige Marinus Dijkhuizen, dy't sels twa kear skoarde, in prachtich ôfskie. De oare goals waarden makke troch Sandor van der Heide, Marc Mboua en in eigen goal fan John Nieuwenburg.

Dijkhuizen krige yn de twadde helte in publykswiksel. Hy betanke nei ôfrin syn famylje, de klub en it publyk foar harren stipe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)