Nij doarpshûs galmet tefolle

de dakkonstruksje fan it doarpshûs soarget foar galm
It 5 jier lyn opknapte doarpshûs fan Langedike moat no al wer ferboud wurde. Sûnt de opknapbeurt kinne minsken elkoar net mear goed ferstean yn it gebou. By de ferbouwing is it plafond der úthelle en dêrtroch galmet it tefolle.
Pleatslik Belang hat skjin syn nocht. It kin al skoftenlang net mear mei goed fatsoen fergaderje troch de galm. It oanpakken fan it probleem kostet Pleatslik Belang hast 10.000 euro.