Zuiverloon op plak Dingsdag

11 apr 2008 - 16:54

Gianni Zuiverloon spilet snein by Hearrenfean sintraal yn 'e ferdigening yn 'e wichtige útwedstriid tsjin Sparta. Zuiverloon ferfangt op dat plak Michael Dingsdag, dy't skorst is. Zuiverloon begjint oan de wedstriid as foarste ferdigener. Trener Gertjan Verbeek wol Sparta, dat striidt foar liidsbehâld, fan begjin ôf oan ûnder druk sette.

Geert Arend Roorda en Jakob Poulsen sitte beide op de bank.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)