Dieven oanhâlden mei lokfyts

demonstraasje fan de lokfyts op it Drachtster plysjeburo
De plysje yn Drachten hat de ôfrûne wike alve minsken oanholden foar it stellen fan fytsen. De dieven koene opppakt wurde mei help fan in spesjale lokfyts. De plysje hat ôfrûne tiid bot ynset op de stellerij fan fytsen.
Benammen yn it sintrum fan Drachten, by de busstasjons en by útgeansgelegenheden wurde in soad fytsen stellen. By twa fan de fertochten yn Drachten waarden by in hússiking ek stellen motors fûn.