Kuierje oer pier Harns kin net

© Omrop Fryslân
Minsken dy't graach oer de pier by Harns kuierje, moatte dizze simmer in oar plak sykje. Noch dizze moanne wurdt úteinset mei de ferheging fan de wetterkearing oan de súdkant fan de stêd. Dêrfoar wurdt de pier de hiele simmer ôfsletten.
De muorre dy't Harns beskermet tsjin heech wetter wurdt oardel meter heger. De kearmuorre is no te leech en net feilich. De nije muorre moat Harns 50 jier beskermje tsjin heech wetter.