Undersyk ûntsluting K'tille

© Omrop Fryslân
De ferkearsproblematyk yn Koatstertille moat oanpakt wurde. Dat fynt de ried fan Achtkarspelen.
De polityk hat tongersdeitejûn it kolleezje fan benw de opdracht jûn om de farianten mei oplossings fierder te ûndersykjen en út te wurkjen. Koatstertille hat op dit momint mar ien ûntsluting fia de Alde Dyk. Mar oer dizze dyk moat ek it ferkear fan en nei it bedriuwenterrein Oastkern. Der wurdt tocht oan in rûnwei.