Wer stakingsdriging by FIB

10 apr 2008 - 23:02

It konflikt oer fleksibele wurktiden foar de wurknimmers fan it Ljouwerter bedriuw FIB driget op 'e nij út te rinnen op in staking. De direksje wol de wurknimmers net mear wurkje litte neffens in fêst roaster, mar wol se nei hûs stjoere as der gjin wurk is, of langer trochwurkje litte as der te folle wurk is.

De fakbûnen easkje dat de wurknimmer oan de ein fan it jier op nul stiet. FIB wol dat net.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)