Pleats Nijpels 'lekt' amper

10 apr 2008 - 17:49

De âlde pleats fan kommissaris Nijpels ferliest amper waarmte. De Gasunie hat ûndersyk dien yn opdracht provinsjale miljeufederaasjes. De pleats is nachts mei in ynfraread-kamera besjoen op saneamde lekken. De pleats út de njoggentjinde ieu is goed renovearre en lekte amper. It gebou krige in 7,5 as rapportsifer.

Yn hiel Nederlân binne bysûndere gebouwen op dizze wize filme om te sjen oft der waarmtelekken binne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)