Ljouwert knapt likehúske op

It fertuteaze likehúske op it âlde begraafplak yn Ljouwert moat in grutte toeristyske lûker wurde. De gemeente hat lang om let jild útlutsen foar de restauraasje. Ferline jier die it likehúske mei oan it TV-programma De Restauratie. Ljouwert wûn doe net.
De gemeente wol fan it likehúske in ynfosintrum meitsje. It wurk begjint nei de simmer en moat dit jier klear wêze. De kosten binne 200.000 euro. Ek it grûnwetterpeil wurdt oanpakt.