CDA: ûndersyk sâltwinning Waad

© Omrop Fryslân
De Twadde-Keamerfraksje fan it CDA wol dat der ûndersyk komt nei de mooglikheid fan sâltwinning yn de Waadsee. It ûndersyk moat dien wurde troch de kommisje dy't ek de gaswinning ûnder it Waad besjocht.
Neffens Joop_Atsma fan it CDA soe it Waad in alternatyf wêze kinne foar de sâltwinning yn Noardwest-Fryslân. It CDA hat it plan foarlein oan de minister fan Ekonomyske Saken.