Beleanning foar tips saak-Igli

10 apr 2008 - 13:49

Justysje looft in beleanning út foar tips dy't liede kinne ta it oplossen fan de saak-Tevfik_Igli. De Turkse Ljouwerter (41) waard yn febrewaris deasketten yn Ljouwert. Der sit in fertochte fêst, mar dy ûntkent dat er der wat mei te krijen hat.

Justysje hat grutte muoite mei it oplossen fan de saak. Dat komt om't dy spilet yn de Turkse mienskip en dy is sletten. De plysje wurket mei hast 40 man oan de saak.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)